BLAU FAN DAGEN
Hasto gjin wurden mear om wat te sizzen gjin leafste om ticht by te lizzen wurde dyn nachten lang en kâld betink dan dat ik fan dy hâld.
Hasto gjin freonen mear om mei te drinken gjin libbenslok om op te klinken fielsto dy âlder as de wrâld betink dan dat ik fan dy hâld.
refrein: Kom leave sjoch, de loft is blau, de loft is blau fan dagen, de himel sa tichtby, sa wiid. Do stiest hjir njonken my do fregest neat en nee, ik stel gjin fragen wy ha de tiid. De loft is ommers blau, sa blau fan dagen kom fiel dy frij, it tij dat keart.
Hasto gjin stjoer mear oer dyn eigen libben en plan noch doel om nei te stribjen binne dyn soargen tûzenfâld betink dan dat ik fan dy hâld.
Hasto gjin inkel each mear foar de sinne gjin paad om fierder op te rinnen kearsto dy ôf út selsbehâld betink dan dat ik fan dy hâld.
refrein: Kom leave sjoch, de loft is blau, de loft is blau fan dagen, de himel sa tichtby, sa wiid. Do stiest hjir njonken my do fregest neat en nee, ik stel gjin fragen wy ha de tiid. De loft is ommers blau, sa blau fan dagen kom fiel dy frij, it tij dat keart.
BAUKJE WYTSMA |
|
|
|